XLIX. De molktapper sei wol gauris sa moarns by de doar tsjin har faam: "De stoepe is wer wiet. "Och hy wist net dat dat fan myn triennen kaam. Dat hy en de faam it net wisten, dat wie dan net oars; - mar dat sy der ek net in grevel fan snapte, dat wie wol bitter foar my. Vertaling van Jacobus Knol Bron: Snokkerjende Grymgnyskes. In frijmoedige ferfrysking fan Piet Paaltjens' Snikken en Grimlachjes. Utjûn ta gelegenheid fan 'e hûndertste stjerdei fan François Haverschmidt. J. Knol, Dokkum 1994 |