Drinkliet foar Reade Nel, Prûze reade Hertennel leit to wachtsjen yn 't alkoofke nêst de poarte fan de hel. Hearsk miankend strykt har swarte boarre aikjend tsjin dyn fuotten, flaiket dy mei him to parten. Ha gjin twivel oan 't soelaes ek al is de boarre skurf en telt de nel net foar in aes. Wês in keardel koart biret, dy't net stiet to knopetellen of 't nou oangean sil of net. Fang in hynder yn 'e steppe, jachtsje troch it giele gers, lit it stegerje en ljeppe. Oan it wyldlân komt in ein; hommels bliuwt it hynder stean op it fluitsjen fan in trein. Yn de stikels tsjin in sket stoarrest nei in lege flesse Reade Nel op 't etiket. Jan Wybenga 1917 - 1994 Uit: Amoeben Reiddomprige 1953 nr 2 Drukkerij Laverman NV - Drachten - 1954 |