Ballade
fan ’e befrijde ierdappel
Ik
kom út it lân fan de Kondor, dêr is myn
ferhaal ea begûn
ik groeide dêr heech yn de bergen, jim hellen my
dêr út ’e grûn
jim brochten my doe oeral hinne, myn reis is no iuwen
âld
en ik tier oeral op ierde, want ik skikte my nei jim
bewâld
feredele en ferrike, feroare, hyltyd wer opnij
ik bin de befrijde ierdappel en jim binn’ sa fergroeid mei my
By
honger bin ik no it antwurd, jim fraach? Ik pas my oan
ik kin oeral aardzje, ik sit oeral yn, jim ha my yn ’e
grûn bedoarn
jim wurde sels hast ierdappels, sûnder erch, dat giet
stiltsjeswei
want je binne dat wat je ite en jim ite my elke
dei
faaks dêrom woll’ jim sûner tele, frij
fan gûchelerij
dan wurdt ik de befrijde ierdappel en draait alles om it sied fan my
Sjochsto
as knol nea it deiljocht en leist sa’t it heart yn de
grûn
dan is der foar dy noch in takomst, want troch de minske wurdsto ea
fûn
o, minsken, sy kinne safolle, sy binn’ tûk en ha
sa’n soad ferlet
liftsje op harren behoeftes, want wier, oars rêdsto it
net
en at sy dy goed brûke kinne, oerkomt dy itselde as
my
dan wurdst in befrijde ierdappel, en passe sy wakker op dy
Hee,
Kondor, wêrom woest net harkje? Do bist hast op stjerren nei
dea
sy jeie mar troch en sy dogge, ús libbensplak hyltyd mear
skea
ik lis stiif yn ’e ierde, do fljochst frij yn ’e
loft
net ien dy misse ast wei bist en dat duorret net mear sa’n
skoft
mar salang as de minsken noch libje, ik de bêste soarch fan
sy krij
bin ik de befrijde ierdappel, is myn tiid hijr noch lang net
foarby
Ja,
ik bin de befrijde ierdappel, de minske kin net sûnder my
Wurden en wize: Piter Wilkens 1959
|