De sitadel
Nea sloech it waarme reabekape
ljocht meilydsumer en kliener
bemanteling om dy, it memmich wêzen
bûgd oer it miel, dat tusken de iensumheid
fan ús tegearre-wêzen reeskikt stie. Nea tagediener
tape in frouwehân it yngoe drinken
mei sok ûnrimpen en stil skinken
oer yn de glêzen fan gemiensumheid.
Lea', it wurdt bitter tinken. Bûtendoarren
benuttiget de hjerst de roazeblêden,
spint er de paden ticht. En úttsjinne
sinke de pompeblêden yn de grêften
fan it ferjit: ûnkearber en âld barren.
En tusken ús is it sêft brekken
fan it ljocht yn ien inkelde romer
en yn it lims en de biennen hêften
fan it tafelreau op it wyt lekken:
lyts en faai fjild-fan-krêften.
Ek as ienris dyn earmen lomer
wurde en de kraften fan ús kinnen
leechskonken lizze ûnder struwellen,
dan noch sil dizze lytse sitadel in
lêste festing ús wêze, dy't ûnnimber
is by it stoarmrinnen fan Novimber.
Douwe Tamminga 1909 - 2002 Út: Lêze is willewurk. Friese Pers Boekerij 2002 Freark Dam |