De Fryske Petielje en hwet der op en yn leit feroare yn Taalgesetsje of Healewize Petiele Flaubiet Presentearje yn in hearringskaal ielbroadsje en ansjofisk: In ferhaal ... Bak 't romeinsk pasteike yn kowefet, 't flijt him yn jo mage as in ovaal. Stip Lit de stip net om in aai bedjerre, bring it rearende mei Rynwyn oan 'e soad; leppel blom en snjitsje jittik, 't smakket snoad: om lollemansstip wol ien wol stjerre. Ierdappels Skyl by de nije in stik twa trije oer de heap, sa smeitsje nije ierdappels yn 't rokje; klaai se yn pikant en koart piterseelje foar de keap en manljusmagen geane fan har stokje. Potiten Lit swiete apels snuorje yn é kowesmoar, snij raap en jirpel oant yn fjirdeparten; mei rikke bargeguod ha jo it foarinoar en beiwynbrij jout geat en fleur'ge harten. Brij It libben wurdt sa hiel mei kleur en lûd en toan, in gastmiel krijt syn streamline troch de tsjûke brij; rear rauwe reammesûpe en mangels frij en swietsje it rij mei sûker: 't Smakket hjoed en moarn. Mûlterchjes Soms jouwe fûne wurden spitse wille, krekt as in mûlterchje yn it soer; sa'n sipeltje yn trochseane jittik jout grif in minske him oan oer. Jan Dotinga 1934 - 2024 Ut: Fan wurden oermansk. In gedichtesyklus nei oanlieding fan poëzy en proaza fan Simke Kloosterman. Utjûn yn opdracht fan it Simke Kloostermanlien, Twizel 1988 |