de ljochtsjes fan it kafee nachts as ik troch de doarpen ryd sjoch ik de ljochten fan kafees lokjend lâns my gliden skol-bols-kabouter- amstel-grols en heineken ik jou dan eefkes hurder gas -yn it ferkeat perfoarst gjin alkohol- en de plusen gerdinen hâlde har geheimen ferburgen yn 'e nacht thús komt dan wer weemoedigens net iens om de net opnommen slokjes mar om dat idee fan wat soe 'k no wer mist ha as safaken Jan J. Bylsma 1931 - 2021 Ut: Machtich as de miggen en oare fersen Friese Pers Boekerij bv Ljouwert 1984 |