Alde Herberch
Ald is de taep mei brúnbirikke souder. Soms komt in reizger noch in winterjoun. Riboskjend slacht hy him de snie fen 't skouder En skikt mei om é hird en freget soun. Hwet krûdig praet yn 't ljochtroun fen in lampe Dy't slûch en walmich baernt. Gewach fen wyn En heiljacht bûtendoarren. Hoeven stampe Foarby. Elts ding hat syn forline yn. En letter, bêdde yn koel en styslich linnen, Bringt, by de slach fen syn forreizge hert, Ien him syn wondre útreis wer to binnen: Moarn is it spoar forwiske, moarn forstjert De lêste hope om ea it lok to winnen. It hert slacht fierder, fynt syn herberch net. D.A. Tamminga 1909 - 2002 Bron: Nije Gedichten Fa. J. Kamminga, Dokkum 1945 |