Boek Piet Paaltjens                                   Piet Paaltjens  Dichter-dominee  1835 - 1894                             


Beginpagina

Jeugdjaren in Leeuwarden

Studententijd in Leiden

Predikant in Foudgum

Predikant in Den Helder

Predikant in Schiedam

Over Piet Paaltjens

Culinaire citaten

Gedichten over eten en drinken

Culinaire bloemlezing



Contact  

De Bakker

Ik moat deis in sankje sjonge,
Danige âld of tige nij.
Seit ús heit sims: "Goede jonge,
Siz, hwet makket dy sa blij?"
Neat wit ik dêr op sizzen,
'k Suchtsje den en 'k laeitse er by.

Lêstenjouns do wier 'k yn 't bakhûs,
'k Fielde skoan myn wirge lea.
'k Skripte deis mei 't noat yn 't pakhûs,
Mar myn sjongen klonk oer 't gea.
'k Stookte 't fjûr ek oan for 't sûrjen,
Moarn de dei den wier 't wer "brea!"

'k Skoude 't ramt hwet yn é hichte,
Sa 't ik wol ris faker doch;
't Wyntsje, kommende út 'e lichte,
Spilet dêr sa koeltsjes troch.
Mar ik sjong den 't heechste lietsje
As ik bûten nimmen sjuch.

Lûder gyng it jouns as jimmer,
't Skynt dat alles slagje woe,
Do 't ik onferhoeds getimmer
Op 'e glêzen hearre koe;
Mar hwa kin myn niget tinke,
Do 't dêr 'e aerdich fanke stoe.

"Feintsje, ho bist dou so fleurich?
'k Hearde dy hwa wit ho fier, "
"Faem, " sei ik "binn'jy dan treurich?
Né! jy sjugge my to blier.
Kamen jy by my yn 't bakhûs,
'k Leau jy founen hjir wol tier."

"O, dat doar ik heel wol weagje, "
Sei se en kaem do by my yn.
"'k Scil dy nou ris tige pleagje,
'k Jei de boel hjir yn trewyn.
Feintje, ja, dit scil dy hûgje
Al is 't lange jierren lyn."

'k Seach hjar oan yn 't ljeave wêzen,
'k Seach dy wangkjes read en soun,
Hja bigoun myn sang to lêzen,
Dy 't se yn 't bakhûs lizzen foun.
't Wier de rom fen Fryslâns famkes,
't Wier de lof fen Fryslâns groun.

Nou, hja sei: "Ik wol wol leauwe,
Bakkersfeintsjes binn'net dom,
As se sa lúdroftich skrjuwe
Fryslâns groun en fammenrom.
Mar it is om dy to helpen
Dat ik hjir yn 't bakhûs kom.

"Kom ik scil jo underwize,"
Sei ik en ik naem hjar hân,
"Mar it scoe yen siker grize.
Moal binn' jy net wend, mar sân."
Dôch  hja sei: "Gjin flinken, heite!
'k Ha fen beide wol forstân."

"'t Learjild moast ik earst mar barre,
Tocht my, den hie 'k dat al wis."
Mar hja liet myn hân wer farre
En sei: "Feintsje, dit is mis.
Dêr hwet breder earst oer prate,
Dat leau ik dat better is."

"Nou, wy scille 't  den bisiikje,
'k Kom, as 't goed is, Sneintojoun.
't Scil tinkt my sa slim net lykje,
Hwent jy leare 't yn é groun,
En wy springe, kin 't jo haegje,
Fleurich deis yn 't bakhûs roun."

'k Scil der Sneintojoune hinne,
Hwet scil 'k den in wille ha.
"Hwer 't se wennet?" Rin dou hinne!
'k Siz dat net oan  lykfoll' hwa,
'k Wol hjar namme n't ienris neame,
Dêr bin 'k fiers to gochem ta.


Tjibbe Geerts van der Meulen. 1824-1906
Ut: Ald en Nij. Forsprate en neilittene skriften yn rym en onrym fen
Tjibbe Geerts van der Meulen.
By-inoar samle troch syn soan W.A.
mei help fen Waling Dykstra en oaren.
Utjown by Gebrs. v.d. Meulen to Birgum. ± 1910




kat en muis