bargepoaten
gjin marsepein droegen hja mar gnoarjen yn it striehok, witst' noch: petroaljewazem mingd mei dy djippe swiere grûnrook it beweegjen fan dat âlde ljocht oer de boarstelige rêgen ast de doar iepen diest, jasfollen jûnskjeld mei; opskuor: wat sil dit, wat moat dat?! wa praat fan marsepyn it fet Rom fan it kin dript! ah dy novimbers: de skoarstien fol spek! ah dy woarstige oktobers! de wyn oer de Ie op it hûs oan dûkt it ratteljen fan 'e wettermûne bedachtsum skjirret it mes by de muorre lâns gjin marsepyn droegen hja, dizze folle folwoeksen poaten, sterk, krêftig, gjin belies jaand, sis mar stânfêstich! hjir sa mar yn myn snert! Bartle Laverman 1948 - 2020 Ut: ik laitsje my dea. Koperative utjowerij, Boalsert 1981 |