De lof fan Bintsje Vive les pommes de terre, Les pommes de terre de Frise, Dy't waechse yn de swiere klaei Yn 't lân fan rein en dize. There grow potatoes wonderful Sa hearlik op de panne. De Frânsen ite Bintsjes fan Le Havre en Brest oan 't Cannes. Dy neamt men Bintsje, Byntsje, Bintsjie Oan Oder, Theems en Rhône. Das sind Kartoffeln wunderbar Forneamd oan 't ierdryks rânne. Gjin ierpel dy't ús ierpel slacht. Wy jowe skielk ús bintsje In stanbyld yn de Prinsetún Mei yn elke sprút in lintsje. Mar wy, 't is skande dat 't sa is, Woll' yn gjin bintsje bite. Hja ha gjin deugd, binn' fiersto stiif, Krekt goed foar patates-frites. Dêrom woll' wy oan 't frjemd lânsfolk Us eigen Bintsjes slite, Wylst wy foar 't dêrfoar barde jild Gâns bett're ierpels ite. Dichter onbekend Uit: Uit het album van Tietjerksteradeel A.A. Jaarsma 1914 - 1991 Website over Dam Jaarsma Interboek v. Seyen Leeuwarden 1992 2e druk De 1e druk was in 1979 |