De dea mei
gjin spek...
Justerjûn
stie de dea
Foar de doar
In swart gat
Mei in fleurich klotske op
En frege my om âld papier
Fan de dea allinne
Kin men net libje
Mar freoneklub Cambuur hie
De hiele boel al ophelle
It wie mar sneu
Ik sei: We ite pankoeken
Wolle jo ien?
No, wat graach!
Ik helle in pankoek
Mei spek en sjerp
En smiet it yn it gat
De tankbere dea gyng
Mar koarre efkes letter
Op it âld lantsje
By ús foar
Ik seach it en tocht
No, dat is dúdlik...
De dea mei
gjin spek!
Anne Feddema. 1961
Reidhintsje op 'e Styx
Koperative Utjowerij
Easterein 2005
|