Boek Piet Paaltjens                                   Piet Paaltjens  Dichter-dominee  1835 - 1894                             


Beginpagina

Jeugdjaren in Leeuwarden

Studententijd in Leiden

Predikant in Foudgum

Predikant in Den Helder

Predikant in Schiedam

Over Piet Paaltjens

Culinaire citaten

Gedichten over eten en drinken

Culinaire bloemlezing



Contact  
De lytse man

De leafde fan de boargers ta God set yn, as it fegetative libben op folle toeren rint.
Kierkegaard



In lytse man stiet lûd to sprekken
en docht de hannen frommich gear.
Dan sjocht er 't miel op 't wife lekken
en yt foar 't antlit fan de Hear

syn jirpels, fleis en stoofde parren:
hy nimt in reade apel ta.
Dan lit er alles stil fortarre
en tanket wer: it smakke sa.

Hy docht syn wurk yn koarte riten,
mar fynt himsels yn hear en fear
de jouns werom by 't broggebiten.
Dan leit de frou de krante klear.

En op in dei dan stiet de panne
mei 't lêste iten foar him ré.
Hy grypt der nêst mei beide hannen
en freget net mear om de thé.

Gerben Brouwer 1902 - 1982
Uit: De Tsjerne, jaargang 17, 1962