De Wâlden Wi bin' fan 'e Wâlden. Hjir wennen ús âlden. Hjir krigen wi mosterstip bi d'ierpels, de giele, Soms joech de petiele - o pré - ek wol roggeneprip! Hjir wiene wi knapen. hjir stielen wi rapen. Hjir siet ús de plysje efternei. Wi bost'ren bi stuiten op mosken. En fluiten op 't hout fan é koetsebei. Hjir sjongt it rebyntsje, Hjir boartet it wyntsje mei bûke-en mei ikeneleaf. Hjir waechst de klimmer en stiet yn é simmer de rogge as goud yn 'e skeaf. Hjir lizze de skaden oer wegen en paden. It njirrekrûd krûpt oer 'e dyk. Hjir kueret de sinne troch blêddegrien hinne. Hjir fielt eltse Wâldtsjer him ryk! Dam Jaarsma 1914 - 1991 Bron: Achtkarspelen S.J. van der Molen Drukkerij en Utjowerij Laverman N.V. Drachten 1962 petiele - platte schotel roggeneprip - roggebloem in water of melk gekookt njirrekrûd - adelaarsvaren
|