Drinkliet Fryske studinten binne tige op har dré, Drinke wer in sûpke yn 'e Bogt fen Guné, Klinke op 'e foarspoed fen it âld-biwende sté: Ad fundum for Baes Bogt! Glori-glori-glori-gloria! Fryske studinten kinne hiel hwet ha! Glori-glori-glori-gloria! Ad fundum for Baes Bogt! Hwet ek mei forgean of hwet der ea foroarje mocht, Fryske studinten komme jimmer yn 'e Bogt. Ivich scil 't sa wêze; hja spuije net yn 't focht Mar hja drinke yn ien swolch út! Glori ensfh. Hja drinke yn ien swolch út! Akke de Vries Bron: Jongereinsangen 1941 War dy! [utjown fen de Fed. fen Fr. Studinte-For. en it Boun fen Fr. Nasj. Jongerein foarsorge fen "Redbad" to Utert] |