Boek Piet Paaltjens                                   Piet Paaltjens  Dichter-dominee  1835 - 1894                             


Beginpagina

Jeugdjaren in Leeuwarden

Studententijd in Leiden

Predikant in Foudgum

Predikant in Den Helder

Predikant in Schiedam

Over Piet Paaltjens

Culinaire citaten

Gedichten over eten en drinken

Culinaire bloemlezing



Contact  

       

Feest

Der is godlof jenever yn ús glèzen,
hwa friss'let krânsen foar de bruorren Bols?
Wy laitsje wyld, wy resitearje fersen
en kopje mûs oer hwat ûnbidich dols.

Ien flirtet al mei in oerripe dame
dy't heupedynjend om ús hinne draeit,
hja prottet mei de boarsten as reklame
en smeket om in hân dy't knypt en aeit.

Mar wy ha't nou oan tiid net, né, wy sjogge
extatysk nei ús theolooch dy't bliid
-hy, hy, dy't parkemint fret as in brogge-
syn romer swaeit oer in ûntuchtich liet.

En yn my riist fjûrread in feestballon,
mar Dionys, ien klimaks kinst jit skinke:
jow my in blauweknoper, dat ik om
syn meagre kiel myn hân liz; hy sil drinke.

G. N. Visser. 1910-2001
Bron: Frieslands dichters. Samengesteld door Anne Wadman
L. Stafleu Leiden 1949