Seinje de spize, ús jown, Boud op ús Fryske groun, Fen it eigene folk biret, Better kin 't net. ------------------ Stip Krûderich stip is as in boas wird, It priuwt lang nei, En is it wei, Den bliuwt der as fen in smeuljend fjûr, In skerpe neismaek oer; Pas op en ming mei sin Hwet it tonkje haegje kin! ---------------------- In soune byt, jowt wryt noch slyt, Mar komt der tsjinsin yn it miel, Den wirdt it earmoeden gepiel; In stikje brea en soun fen hert, Det is ús dageliks forlet, En ha wy det - wês stil en yt, Is is in seine, jowne byt! ----------------------- Simke Kloosterman 1876 - 1938 Uit: "De Fryske Petiele en hwet der op en yn leit". A.J. Osinga Boalsert. 1938 petiele betekent platte schotel. De titel is ongeveer: De Friese dis en wat er op en in ligt. Meer over Simke Kloosterman Obe Postma maakte in 1941 een gedicht op De Fryske Petiele |