goe rie
stek de âlde
en de nije diken troch
en lit it sâlte wetter wer
nei stêd ta swemme!
en jimme, kom oerein
út dy wiete fuorgen
waskje de klaai
fan jimme wrede
jirpelkoppen
en bou boaten
om fisken te fangen
om te swalkjen oer de seeën
wêz om myn part
fiskers fan minsken
lykas jimme hilligen
St.Jacob en St.Anne
ûnderweis nei in Himel
fol poaters
en gewaaks sûnder sykten
en elke dei bûterstip
mei nije reade Bildtstar!
mar hoe dan ek:
praat net sa bryk
Bartle Laverman 1948 - 2020
Uit: Poetic Potatoes
Stichting de Bildtse Aardappelweken 2018
|