Boek Piet Paaltjens                                   Piet Paaltjens  Dichter-dominee  1835 - 1894                             


Beginpagina

Jeugdjaren in Leeuwarden

Studententijd in Leiden

Predikant in Foudgum

Predikant in Den Helder

Predikant in Schiedam

Over Piet Paaltjens

Culinaire citaten

Gedichten over eten en drinken

Culinaire bloemlezing



Contact  


Ierappelkrobben

Foar oardel hûndert jier omtrint
Waard yn ús lân de frucht bekend,
Dy't wy no tige kenne;
Dêr't earm en ryk en lyts en grut,
Dêr't lju fan eltse rang of steat
Allike slij nei binne.

Ierappels binne dei by dei
De kost, dy't elk wol altyd mei.
Binn'dy hast net te krijen,
Dat is in ramp foar 't hele lân;
Foaral is 't mei de lege stân
Dan neat as kleare lijen.

Want as in wurkman winters net
In kelder fol ierappels hat,
Dan wurdt er licht ûnrêstich.
Hy is dan foar de earmfâdij,
Ja, foar de hiele boargerij
Soms wol in bytsje lêstich.
Mar krijt er deis de mage fol
Ierappels, no, dan wol er wol
Him fredich hâlde en dimmen.
Al is syn byspize oars dan net
As mosterdstip mei 'n kromke fet,
Hy sil foar leaf dat nimme.

Dan wol er foar in lyts deihier
By kjeld en ûnwaar fan moarns ier
Ta jûns wol skreppe en klauwe.
En dêrom. rom ierappels is
Foar elk foardelich, dat is wis;
(...)

Waling Dykstra  1821 - 1914
út: It Heamiel fan Geale-boer, 1850