Boek Piet Paaltjens                                   Piet Paaltjens  Dichter-dominee  1835 - 1894                             


Beginpagina

Jeugdjaren in Leeuwarden

Studententijd in Leiden

Predikant in Foudgum

Predikant in Den Helder

Predikant in Schiedam

Over Piet Paaltjens

Culinaire citaten

Gedichten over eten en drinken

Culinaire bloemlezing



Contact  

ierdappels foar loaie froulju


yn 'e kelder steane twa kisten fol

nijen tear en noedlik
âlden stoef en flink bepoeiere

wrottershannen feie it ljocht oan
skarrelje beret in miel byinoar

ûnder de tinst mooglike jaskes
printet in âld krante switterich it nijs
op jierren fan famyljeberjochten en Gurbes

tommen snjitterje drûch slyk bûten it bakje
oer de skelk op de grûn mar ach,
sa kreas as by mem wurdt it toch net

hast lykweidich
snijt it molemes breklike mearke-linten
leit blauwe plakken iepen
plúzet de eagen út

oan 'e itenstafel dûke se
ien foar ien it brakke wetter yn


Grytsje Schaaf 1979
Bron: Poetic Potatoes
Viertalige uitgave van gedichten uit Fryslân en Malta 2018