Ik nim it glês en drink dy ta Ik nim it glês en drink dy ta; gjin hûs sa hoar as 't hert. De langst, dy 't troch my hinne gie, bilune nearne net. Allinne dû, dyn wêzen lea, och kear it my noch ta; in leafde sterker as de dea, dy moat ik fan dy ha. As wetter rint de tiid foarby, dyn leafd' is reade wyn. Ik hâld de romer yn 'e hân en drink dyn eagen yn. Allinne dû, dyn wêzen lea, och kear it my noch ta; in leafde sterker as de dea, dy moat ik fan dy ha. Ik nim it glês en drink dy ta en sjong dy súntsjes foar: it wie as kaem der yn 'e joun in ingel oan myn doar - Allinne dû, dyn wêzen lea, och kear it my noch ta; in leafde sterker as de dea, dy moat ik fan dy ha. Frij neffens Drink to me only with thine eyes Ben Johnson 1572-1637 Gerben Brouwer 1902 - 1982 Ut: De weagen oer A.J. Osinga N.V. Boalsert. 1968 |