In slynder Der wie in ûndogens lyts jonkje, ik wit net mear krekt, hoe't er hiet. Dy hood sa fan snobjen, fan suertsjes te sobjen, fan sûker, fan sjerp en fan swiet. Hy mocht ek sa graach limonade, en socht memme kast in kear nei, Dêr fûn er in fleske, doe naam er in gleske, en geat út dat fleske wat wei. Hy soe der is lekker fan drinke, it glês wie sa fol, 't rûn hast oer, Doe skrok er ferskriklik: yn 't fleske siet jittik! Wat seach dat lyts keardeltsje soer. G. Baarda 1915 - 2006 Ut: Soere sûpenbrij en sûkertaai. AFUK 1983 |