De earste útfining fan joghurt
In Mongoal út it ryk fan Djenghis Khan
Moast in wichtich berjocht oerbringe Fijannen fan in oerwûne stam Dy 't him foar't er de woestyn ynride soe In fjildflesse molke meijoegen Ynstee fan wetter Hopen dat de molke Soer wurde En de man fan toarst omkomme soe En ja de molke waard soer De Mongoal gyng dea Net fan é toarst Mar oan in skorpioenebyt Dy't de fjildflesse joghurt fûn Hy iet fan 'e joghurt De skorpioen wie net Krekt as yn 'e moppen In tsjoenderskorpioen Hy hie in molkeaaiwytallergy En gyng ek dea De joghurt droege op En it duorre ib hiel skoft Foar 't der wer Joghurt útfûn waard! Anne Feddema. Reidhintsje op 'e Styx Koperative Utjowerij Easterein 2005 |