Det wier in rûzich libben
Alear yn 'e Westerein,
Der binne folle daelders
En ek ribben stikkenslein.
Der wier in jonge widdou
Kastleinske yn 'e Hossebos,
Dy makke hjitte hollen,
Dy makke pongen los.
Sa'n frommis as in lôge
Sa'n herberch great en drok.
Det seagen jonge bazen
As 't alderheechste lok.
Mar nimmen mocht it slagje,
Dy greate slach to slaen:
Hja woe se oan 't sûpen hawwe,
Mar gjinien tawird jaen.
Hja sei, hja woe alinne
De aldersterkste ha,
Oars koe hja nimmen nimme
En miskien wier det sa.
In frommis as in lôge,
In herberch great en drok,
Dy litt' hjar net regeare
Den ûnder sok in jok.
Sa gyng it op in wrakseljen,
Elk dronk him dêrta moed,
Der waerd gâns bier forgetten
En folle drippen bloed.
Hwet mear men by hjar tarde,
Hwet mear men om hjar focht.
Hwet mear de widdou barde,
Hwet greater wier hjar nocht.
Det gyng sa alle dagen,
Oant op in Sneintojoun
Hja 't folk ûnthiet to trouwen
Mei hwa't it dy kear woun.
Hja brûkte swiere wirden
En foege er noch oan ta:
"Al is 't de deale selme,
Hy scil my siker ha!"
Mei 't hja de kampslach stride
Komt der in fremde feint -
Kâld giet it oer de lidden,
Hwa't sjucht dy frjemde feint.
Syn gleone eagen stieken
Troch in tûfe swart krol hier,
Wylst er fen gong hwet kwealik
En âldsk fen wêzen wier.
|
Hy
hâldde him fensiden
En koft in romerfol.
En siet mar stil to stoarjen
As immen dy't neat wol.
Mar do't de kampstriid einde
En do't de priis wol woe
Det Wylde Jylt ef Sterke
Hjerke hjar winne scoe,
Do wier 't as waerd er wekker
En joech er him oerein
En waerden Sterke Hjerke
En Wylde Jylt forslein;
Hy kriig' de bazen ûnder
En reage de herberch leech,
Biseach de widdou gnizend
En heve de romer heech:
"Fen sok in himmel pykje
Komt fêst in skoander aei!
Lit ús op 't houlik klinke
En op 't takomstich skaei!"
De widdou stie sok praten
En sokke faksen net,
Hja seach: it wier de kweade!
En wier ek foart biret.
Hja rôp: "Ik scil dy leare
Ho't hjir det klinken giet!"
Wylst hja in blêd mei romers
Him lyk yn 'e troanje smiet.
It glês det stau withwêrre
Rinkinkjend oer de groun,
Der hong in lucht fen swevel -
Mar Hanne wie fordwoun.
_ _ _ _ _ _ _ _ _ _ _ _ _ _ _ _
De widdou is foroare:
't Herbergjen joech se oer
En hja woe widdou bliuwe,
Sûnt hjar dit stik wearfoer.
Dit is in wiere stoarje
Sa hawwe se my sein.
It wier in rûzich libben
Alear yn 'e Westerein.
|