Kjeld Hy hat de kuolkast iependien It iis yn 't friesfak knypt de trije stikken bôle plat Hy taast nei 't kâlde ûnske ham Fla yn it healmingels pak mei ûnmacht iepenskuord ferlernt de tsjokke drippen op it gehak, dat earjuster al oer de datum wie Appelsmots rint stadich nei de aaien in sinesappel it skearspegeltsje? hoe sa do hjir? rûnom kjeld Gryt Witbraad 1944 Bron: Fryske Skriuwerskalinder 2010 |