leafdefortriet yn 't âld kafé dronk ik myn lêste pils doe't ik it glês heve foar de alderlêste swolch seach ik dyn gesicht omkrânzge fan skom dwers troch de boaijem hinne bliid sette ik it del dou wiest fordwoun ik rôp de ober en bistelde noch mar ien Reinder Rienk van der Leest 1933 Ut: Kunst en Fleanwurk Koperative Utjowerij Ljouwert 1979 |