Boek Piet Paaltjens                                   Piet Paaltjens  Dichter-dominee  1835 - 1894                             


Beginpagina

Jeugdjaren in Leeuwarden

Studententijd in Leiden

Predikant in Foudgum

Predikant in Den Helder

Predikant in Schiedam

Over Piet Paaltjens

Culinaire citaten

Gedichten over eten en drinken

Culinaire bloemlezing


Contact  

       

Ljochte apels hingje

Ljochte apels hingje tusken de beammen,
In nuver oefte - mar 't jowt poëzije.
It libben wurdt jin alst hast sûnder reamme,
Sûnder in flirt en sûnder frijpartijen.

En dizze joun en dizze fage skimer
En dizze reiden stuollen, bin' hja net
In prachtdécor ? - it is doch joun en simmer.
Hwa't nou net frije wol, dy hàt gjin hert.

De kellner komt en bringt ús iis, hy is
In âld, griis man, hy ken de jeugd en wis
Sil er ùs leafde joun passearje litte.

Soe hy noch net fan tolerânsje witte ?
Hy is âld en wiis, hy keart him om en giet.
't Servet in sein is, dat op feilich stiet.

G. N. Visser. 1910-2001
Ut: Jolm.
Dit is nû. VII fan de Reiddomprige. De samling waerd printe yn Desimber
fan it jier 1947 by "De Torenlaan" te Assen.