Lunchroom "De Unie" De glêzen doarren draaie en it rint gau fol, tolve oere, drokke strjitten sizze 't jimme wol. Petear giet ôf en oan, de typewriter swijt, dit is in plakje dêr 't in boer gjin wille krijt. In laits lûkt op as mei in twirre, efkes fel; dan sjugg' de skoalfamkes wer de Nijsted del. Hjir spilet elts syn rol wat heger as syn wrâld en is in bern fan fjirtjin sawat tweintich âld. Ik tink myn heit hjir tusken yn, yn melkersklean, syn smoarge pet soe by it pommadehier wol stean. Of mar us mem as dy 't mei kealledrinken sjout en efkes fluch de lytse bichjes sûpe jout. Der sitte mear dy 't ik wol ken, hja kenn'my net: in freon fan 't doarp is lang gjin freon mear yn é stêd. Johannes Doedes de Jong 1912 - 1996 Uit: Lunchroom. 1936 In de dertiger jaren was Lunchroom "De Unie" gevestigd in Leeuwarden, aan de stille kant van de Nieuwestad.
|