Moarnsbrea De dei is jong, mar swart en âld stiet kâlde thee yn wite koppen. Us eigen leechte húst yn lege doppen - wy freegje 'noar net mear om 't sâlt. Stilte hâldt ús fêst yn syn bewâld, hoe't ik ek gûch'lje mei de knoppen fan de radio, en ek it iere roppen fan de koekút lit ús suver kâld. Tusken ús is neat mear, leave, as in tafel mei in sniewyt kleed en kopkes dêr't wy mar in reare om de lange dagen fan dit steed. It fee giet weidzjend oer it gea en kôget like stom it deistich brea. Eppie Dam 1953 Bron: Fjouwer Fertikaal Koperative Utjowerij, Boalsert 1985 |