Boek Piet Paaltjens                                   Piet Paaltjens  Dichter-dominee  1835 - 1894                             


Beginpagina

Jeugdjaren in Leeuwarden

Studententijd in Leiden

Predikant in Foudgum

Predikant in Den Helder

Predikant in Schiedam

Over Piet Paaltjens

Culinaire citaten

Gedichten over eten en drinken

Culinaire bloemlezing



Contact  
Oade oan de sipel

Sipel
ljochtsjend fleske,
blomblêd foar blomblêd
foarme har dyn skientme,
kristallen skobben lieten dy swelle,
en yn 't forhoalen fan de dûnkre ierde
roune dyn liif him mei dau.

Ûnder de ierde
woeks dit wûnder
en doe 't dyn plompe
griene sprút forskynde
en dyn blêdden
as swurden op 'e tún to wrâld kamen,
heappe de ierde al har macht op 
en toande dyn neakende glierens;
en sa 't yn Afrodite de fiere sé
de dûble magnolia skoep,
doe 't er har boarsten foarme,
sa hat de ierde dy makke,

sipel,
helder as in planeet
en ornearre
to strieljen,
bistindich stjerrebyld,
roune roas fan wetter,
op
de tafel
fan de earme minsken.

Rojael
ferbruistû 
dyn bol fol frissens
yn 'e fortarrende
gleonens fan de fleispanne,
en de snipel fan kristal
yn 'e barnende hitens fan de oalje
foroaret yn in krollige goudene plûm.

Ek bring ik yn 't sin hoe 't dyn ynfloed
de leafde fan 't slaed bifruchtet,
en 't liket dat de himel meihelpt,
omt er dy 't sierlik stal joech fan in heilstien 
om dyn fynhaksle klearens to romjen
op 'e healrounen fan in tomaet.

Mar ûnder it berik
fan de hannen fan it folk,
en besnjitten mei oalje,
bestruid
mei in bytsje sâlt,
forslachstû de honger
fan 'e deihierarbeider op syn swiere wei.

Stjer fan 'e earmelju,
goede fé;
bewuolle
yn tin
papier komstû út 'e groun,
ivich, geef, suver
as sied fan in stjer,
en as yn 'e koken
it mes dy fynsnijt,
dan wâllet de iennichste trien
sûnder pine.
Dû litst ús skrieme sûnder ús leed te dwaen.

Sa lang ik libje, ha 'k dy prize, sipel;
foar my bistû
moaijer as in fûgel
mei ferblinende fearren;
foar myn eagen bistû
himelbol, platina tsjelk,
roerleaze douns
fan 'e besnijde anemoan;

en de rook fan de ierde libbet
yn dyn kristallen natûr.



Pablo Neruda 1904 - 1973
Oersetting: Klaas Bruinsma  1931 - 2018