Boek Piet Paaltjens                                   Piet Paaltjens  Dichter-dominee  1835 - 1894                             


Beginpagina

Jeugdjaren in Leeuwarden

Studententijd in Leiden

Predikant in Foudgum

Predikant in Den Helder

Predikant in Schiedam

Over Piet Paaltjens

Culinaire citaten

Gedichten over eten en drinken

Culinaire bloemlezing



Contact  


De fankes fan it pankoekskip

Sjerpfrissels en sjerpmûltsjes
En hantsjes folle mei
Struisûkerich dreamsân
Keinens wjerspegele yn
Eachpinewite matrozekraach
Jim bin'de dochters fan 'e
Lêste Tsaar

Ik dream wer yn
Soeljûnich wurdende nachten
Oan 'e Swarte See
Swiet besleekswit
Earmke yn earmke susters
Sjoch én hear ik
Núnderjend troch Odessa
Stikem sygretsje draaiend
Yn 't foaryn

Wat bin'jim jong
Ik wol no net witte
Dat jim hjoedhûdige strakkens
Yn âldwiif Baba Jaga
Fellen en bellen feroarje sil
Jou my nó jim
Hurd diamanten herten
Dêr 't ik nea yn wenje mei
Ik moat oerlibje
Weagjend op jim
Sêfte bestellingstimmen

Eale jongfaamm haw begrutsjen
Mei dizze earme bidler moezjik
Myn leafde makket my kjel en gek

Op 'e fraach hokker pankoek
Ik ha wol
Anderje ik
Nei in krekt te lange stilte...

Ach doch my mar ien mei spek!

Anne Feddema  1961
Reidhintsje op 'e Styx
Koperative Utjowerij Easterein 2005