Pinda Pinda pinda lekka rôp de chinees mei syn bakjefol apenuten yn sûker bebakt op de hoeke fan de collaardslaan in earme chinees sei ús mem mar wy leauden der neat fan hy mei syn rop fan ierdryks einen en de geur fan ûnútsprekbere rivieren op de kaart en wy dy't noait in dûbeltsje hiene foar pinda lekka rûnen de chinees mei skeane eagen foarby Tiny Mulder 1921 - 2010 Bron: Tinkschrift. Samle gedichten Bosch & Keuning, Baarn De Tille bv, Ljouwert 1986 |