Restaurant It miel is behimmele. Wurden komme werom fan in bline muorre. Stilte giet de glêzen rûn. Gedachten repetearje op dearinnend spoar. It lûd fan in oanstekker. In eachopslach. Hannen op it wite kleed komme wifeljend gear foar it tankjen. It tikjen fan de klok, it mes neist de panne. Gjin kofje nei diskear. Fan bûten komt muzyk, en eltse noat is wier. Rou wol net fan 'e taffelsrânen. Ferdroege krûmels bôle lizze tusken de planken fan 'e flier. Remco Kuiper 1971 Ùt: Hjir 2, april 2006. Frysk literêr tydskrift jiergong 35 |