Santé in brandewyntsje in sigaret en men sjocht fan de bom gjin barst mear santé aeltsje wy nimme noch ien de wrâld is wûndermoai griene greiden lizze oan ús fuotten útspraet stap yn lit dy ride nei d'oare ein proast joast mei de pet en glêzen eagen hwat is it libben wûnderskoan moai silst bidoele moai Hwer jeuzelst oer moai is moai en dêrmei út kom skink nochris yn Berber van der Geest 1938 - 2019 Bron: Der binne fan dy dingen . . . Bosch & Keuning, Baarn. 1975 |