Snein Ientoanich as it om madi padme hum Sangert it lûd fan it harmoanium. De dei is grau, de dei is bleek Yn dit doarp, Wânswert oan de Streek. En yn Burdaerd, oan dizze kant fan 't wetter Is it al oars, mar 't is gjin grevel better. Hjir bringe radikael se om hals Bourgeois syn psalmen, se sjonge falsk. Har godsfrucht bloeit efter de keamerplanten, Somber biblêde, efter wite fronten. Ut bleinbouquetten, yn in atmosfear Dûnker en mankelyk en near. O God, hwat bistû goed dochs en genedich Datstû tsjin lardrigens ús in foldedich Glês jenever tapest - goed gesicht: De Trije Romers dêr - forjamme, ticht! G. N. Visser. 1910-2001 Ut: Jolm. Dit is nû. VII fan de Reiddomprige. De samling waerd printe yn Desimber fan it jier 1947 by "De Torenlaan" te Assen. Om mani padme hum is een mantra die men overal in Tibet hoort. Het betekent: zelfs een prachtige lotusbloem kan opbloeien uit de modder. |