Soere
sûpenbrij Jippe woe gjin hap mear ite, Sûpenbrij wie him te soer, En hy siet tsjin mem te seuren, Der moest earst mear sûker oer. Mar hy krige net in skepke. Derom wied er poer! Jippe skode 't board fan siden En hy soe nei bûten ta. Mem sei: 'Do komst net de doar út, Of do silst dy brij op ha.' En as Jippe nei dy brij seach, O, dan griisde 'r sa! Mar hy moast op 't lêst wol ita, want hy murk, hy wûn it net. Doe't hy einlings alles op hie, Is er gau nei skoalle set. En dêr krige 'r straf fan juffer, Want hy kaam te let! G. Baarda 1915 - 2006 Ut: Soere sûpenbrij en sûkertaai. AFUK 1983 |