Stokfisk
Stokfisk wie foar earme minsken
dat sei men yndertiid,
de minsken fan eartiids hiene gjin winsken,
'n ferskil mei hjoed, yn dizze tiid.
Heit sloeg de hurde stokfisk fyn,
mei 'n greate swiere bile,
dat is fansels 'n moai skoft lyn,
hy die it bûtendoar, yn 'e blaue kile.
De panne kaem dan op it fjûr,
dat gie fansels net yn 'n wip,
it iten wie foar ús net djûr,
'n pree wie ek dy noflike stip.
Hjoed de dei
kin wy 't
net ite,
mei it bytsje AaOoWee,
greate ljue, men neamt it elite,
gean er hjoed de dei oer ree.
Pieter
van Colm. 1919 - 2010
Bron: 'n Sleefke fol Herinneringen
Drukkerij Banda Kollum 1997
|