Toarnbeisykje De loft is sa klear as in klontsje, 't Is de lêste fakânsjedei; It miel is mar amper troch 't kielsgat: „Mem, krij' wy in brogge mei?” Hja sette de stap der ûnder, In kuorke tusken har yn. De toarnbeicampagne sil hâlde, Mem folget har efter 't gordyn. De bûsdoeken knotte op 'e holle -Waerm jowe de sânreden op- Beweidsje hja wâllen en sleatten; De hannen bin pears fan it sop. De risping yn 't kuorke rizet, Bliid sjogge har eagen der nei; De fingers, dy teppe oanhâldend, - Hwat mem aenst ris sizze mei! De sinne bigjint al to sakjen, De skaden stean' lang tsjin 'e groun. „Hy 's fol, der kinne gjin méár by, Wy ha, leau'k wol tolve poun!” Hja stappe foarsichtich op hûs ta, Twa hannen om 't hingsel slein. Foel 't kuorke, dan wiisde it tsjuster, Mar hja helje feilich de ein. As mem de fracht gewaer wurdt, O, hark ris hoe't hja beart! hja slacht har earmen om beide En pattet de wangen read! Dam Jaarsma 1914 - 1991 Ùt: It Skriuwboerd A.J. Osinga n.v. Boalsert 1956 |