Wachtkeamer hjir mei ik wachtsje ha se sein út de hjerstwyn út de rein ober ropt syn s o s nei de kok kofje foar de toarstige broadsje foar de hongerige - neat foar de leavjenden de leavjenden ite de moanne de leavjenden drinke de rein - mar bring dizze frou brea telefoan nei him is dea libbenstried is leechblet kok ferjit de kofje net Tiny Mulder 1921 - 2010 Bron: Tinkschrift. Samle gedichten Bosch & Keuning, Baarn De Tille bv, Ljouwert 1986 |