Wolfeartsteat As ik oan iten sit te tinken dan priuw ik bôleguod mei skinke, as ik oer iten sit te skriuwen tink ik oan roggebrea mei greauwen, oan brune beane mei bretspek oan nije jirpels tink ik ek oan rikke iel en oan tusearte oan pankoeken en griene earte; bananen, sipels, rou of sean, ik sjoch it sa wol foar my stean. Mar as ik toarst en honger sis dan wit ik net wat as dat is. Tsjits Peanstra 1924 Bron: Neisimmer. Bosch & Keuning nv, Baarn De Tille, Ljouwert. 1981 |