Yn dit doarp soms tink ik yn dit doarp hat de tiid eefkes ûnder seil west it rûkt hjirre noch altyd nei sangerige sûpenbrij lytse nearringdwaanden rinne te keap mei in negoasje fan neat op itselfde stuit lykwols dat ik Sijke Bôlekoer om 'e hoeke ferwachtsje en ik mysels ta Jan Peteroalje tink sjit in lytse Rudmer-of-sa op in raketfyts my foarby gau keapje ik in broadsje enerzjy by Sijke Bôlekoer tenk ik branje by Jan Peteroalje en mei rakettinzen set ik de efterfolging yn as ik him ynhelle ha tink ik no mei om my de tiid wol efkes ûnder seil gean en it soe ek net slim wêze kaam de rook fan sangerige sûpenbrij my yn é noas Meindert Bylsma 1941 Ut: Tekens fan hjoed nei juster Utjouwerij QkeleQ 1986 |