Boek Piet Paaltjens                                   Piet Paaltjens  Dichter-dominee  1835 - 1894                             


Beginpagina

Jeugdjaren in Leeuwarden

Studententijd in Leiden

Predikant in Foudgum

Predikant in Den Helder

Predikant in Schiedam

Over Piet Paaltjens

Culinaire citaten

Gedichten over eten en drinken

Culinaire bloemlezing

Culinaire links

Culinaire reizen, kooklessen

Contact  
Sûpenbrij

Alle middeis stie ús mem te rieden
Yn in panne sûpengrottenbrij
en dan woe ik dat it mar snein wie
want dan hiene wy pudding nei
alle oare dagen sprútjes of blomkoal
en der nei in boardfol sûpenbrij
fan yoghurt woe ús mem neat witte
en fla ut it pak wie har ear tenei

mar op snein wie it feest foar my
dan krige ik pudding en beiesop der by
it puddingfel wie ek foar my
mar ús mem sei moarn krijst do gewoarn wer sûpen brij
somtiids mien ik it noch te rûken
die soere sûpengrotten brij
it wie ek altyd wat oanbaarnd
mar ús mem sei dat heart er by
as de boaiem fan ‘e panne net brún is
dan is it gjin sûpenbrij

sa siet ik alle middeis te stinnen
boppe in grut board sangeriche brij
mar op snein………
moandeis tiisdeis woansdeis en tongersdeis
ieten wy die sûpenbrij
freeds dan hiene wy sipels
en der nei die verdomde soere brij
op sneon dat wie noch it slimste
ieten wy earte mei spek der by
ús mem sei brij kin yn de selde panne
dus griene stikjes in de sûpenbrij

mar op snein……

vanille iis en chocomoes
of farske frambozen yn in tompouce
it kin my neat skele wat toet ik krij
mar nea set ik wer in bek op sûpenbrij

Klaas Kasma 1953